Recensies

a. Great singer/songwriter and oustanding performance: Dave Sijbenga, DME Media, Audio and Videoproductions

b. Great performance: Peter de Haan, oa. Voorz. Pl Cie. Huizum

c. Underrated singer/songwriter, album “Together” is an album of high quality: Biem Visser, Studio Apres-Midi Bergum.

d. Verliest zich niet de oppervlakkigheid van een broodmuzikant, hij blijft zichzelf, puur, authentiek en enthousiast: Menno Bakker, Founder Narvic.

 

'Op 3 april 2014 werd hield prof. Meindert Fennema een lezing over de Friese Diaspora in de Dorpskerk Huizum. Die zgn. Janoniusezing werd opgeluisterd door een schitterend optreden van Eddy Dijkstra die door hem zelf gecomponeerde emigrantenliederen ten gehore bracht. Deze voor deze gelegenheid zeer toepasselijke liedjes waren niet alleen authentiek en heel aansprekend qua tekst maar werden door Eddy ook met zo veel passie en enthousiasme gebracht dat duidelijk werd dat Eddy, in Canada opgegroeid, ooit zelf tot de Friese Diaspora heeft behoord. In een toegift bracht Eddy ook zijn sterke binding met zijn voorouders en huidige 'homeland' tot uiting. Terecht was een klaterend applaus zijn deel! Peter de Haan, Voorzitter Pl. Cie. Dorpskerk Huizum

“It wurk is dien, de flier is frij”

Publisearre op woensdag, 26 maart 2014 ·

ARJAN HUT -
Eddy Dykstra is mei pensioen, mar dat hâldt net yn dat er him tenei achter de geraniums ferskûlje sil. Krekt oarsom. De sjonger en ferskeskriuwer fan Kanadeeske komôf hat inkeld ôfskie nommen fan it leararebestean. It muzikant-wêzen, dat lit him net bedimje. Sa’n fjouwer jier nei syn lêste album Together, opnommen mei syn soannen Rik en Jasper, bringt er no de EP Fryske Grûn út.

Kanada en Fryslân, dat binne de hieltyd weromkearjende tema’s yn it wurk fan Dykstra. Hy kombinearret teksten yn it Ingelsk mei teksten yn it Frysk. De fiif nije ferskes op Fryske Grûn binne lykwols allegear Frysk. Dat past by de ferskes, dêr’t it Fryske lânskip, berteplak De Jouwer, mem en de noardewyn yn foarby komme. “Dit skyfke is in earbetoan oan Fryslân en myn âlders”, stiet op de achterside.

Dykstra wennet yn in smûk appartemint yn Ljouwert en naam de ferskes earstoan by himsels yn de hûskeamer út. Hy spilet sawol de bas-, piano- as gitaarpartijen. Mei in soad aardichheid, dat is te hearren, want de spylwille spat fan de koarte, kearneftige lieten ôf. Op syn 65e is er as sjonger yn in hiel goede foarm, al binne de fokalen by einsluten yn in studio oer dien. Dat is moai slagge, want it is in geniet om nei syn timbre te harkjen.

De woartels fan de muzyk lizze earne yn de jierren sechtich, mei spoaren fan sawol Beatles as Bossa Nova. Koart en kearneftich, dat sis ik net samar, want koart kin ek sketsmjittich betsjutte en dat is hjir net oan ‘e oarder. De ferskes binne folslein, klear en ôf. Allegear foarsjoen fan noflike, rike melodyën, fleurich en optein mei – dêr is net oan te ûntkommen – in mankelike jas oan. Sawol troch Dykstra syn stim, as troch de styl fan de ferskes, moast ik gauris tinke oan Paul McCartney syn soloplaat Chaos and Creation in the Backyard. Dat is in plaat dy’t oer it generaal sjoen wurdt as in hichtepunt yn de lettere karjêre fan de Beatle. Foar Dykstra mei dizze EP ek as in hichtepunt jilde. Benammen Winter yn Fryslân, mei syn soepel wikseljende klanken, is in earwjirm. De oare ferskes (Hjerst, Fryske Grûn, Dach Mem en Op ‘e Jouwer) dogge der eins net foar ûnder. De tiden fan albums binne faaks stadichoan foarby, artysten bringe klipkes út, do kinst ris in ferske downloade en dat is it dan wol. Dochs hoopje ik dat Eddy Dykstra de line fan Fryske Grûn trochsette wol en ús mei noch wat mear fan soks moais bedjerre sil. We want more, Eddy!