Songteksten

Fryske Grûn

As jonkje ha ik sa faak hjir rûn.
Op ‘e hege polderdyk
Mei rûnom wetter en klaaiich de grûn
Fielde ik my feilich en sa ryk

It heechtij, dat wetter, dat kostte ús striid
As fjoer en wetter, dat alles jouwt sin
In plak om te libjen, dat giet no better
Ja eltse dei, is in nij begjin

En no stean ik hjir op ‘e Fryske grûn
Om dy te moetsjen, mei dy sa ferbûn
Op dy ha ik wachtte , sa lang op ‘e Slachte
It wiidweidich lân troch de ieuwen ferrûn

De striel fan ‘e sinne kin dwaan wat er wol
De fûgels en loften, sy meitsje my blyn
It tilt op fan blommen, fan gers sa grien
Ik wol no laaitsje yn ‘e sêfte wyn

- - - -
Dach mem

Dach mem, Wat sitst hjir moai
Mei dyn ivige “fleurich op”
Dyn altyd wêzen: sa optein
De jierren binne sa omflein
Sa frjemd, net mear fan eartiids
Hast oan dyn ein!

Dach mem,
Al soest my net mear sjen
Net mear fan dizze tiid
Dochs bliuw ik dejinge dy’t fan dy ûntfongen is
Fan dy in minske wurden bin…..
it bern noch hieltiid bin

Dach mem,
Frou fan dad, ús heit
Fan wa ast altyd hâlden hast
Altyd yn eare hâlden hast: stânbyld fan rjocht en sljocht
Oerlibbene, fêsthâldend
In minske fan dyn tiid

Dach mem
Wat sitst hjir moai
Útsicht oer de Blaauwhofleane
Hoeke fan it leauwen, fan hoop en fan leafde
Ferankere yn dyn wêzen
Hast oan dyn ein!

- - - -
Hjerst

Foar de doar stiet de hjerst te lonkjen
Hy winkt mei goud, giel en read
Sa stiet er dêr te pronkjen
As hie der oars neat leard

Fan ‘e leafde hat er witten
Fertriet en o sa folle lok
In kwetsber nerfke fersketten
Sa broas nei simmerlok

Wa sil de hjerst ûntkenne
Hy wit fan goed en fan kwea
As de boade fan de takomst
Libbet hy ús foar: de dea

Mar mei de hjerst is lang net alles dien
It byld fan in ynhâlden krêft
Sterket ús foar de kommende tiid
Ja, dat alles, hawwe wy gemien!

- - - -
Op 'e Jouwer

Skean tsjinoer de Jouster toer,
Fan grytman Hobbe, Hobbe fan Baerdt
Skynt it ljocht: de allerearste dei
De berte fan dit lytse mantsje

Kriich in hiel lyts sulveren randsje
Hy wie de earste dy’t neist syn memke lei
Al koenen de moannen sa hurd rinne
It jier stie fêst, it wie beslein

It koe net oars, de lêste dei fan ’t jier
Nei jierren frjemde hearskappij
Wienen heit en mem no einlings frij
En ik, ik mocht der wêze, gûlend blier

Op ´e Jouwer, op´e Jouwer sil myn libben begjinne
Op ´e Jouwer, op ‘e Jouwer sil myn libben begjinne
En rin ik no nei safolle jier
Dêr´t heit syn frachtwein jûns foerried

Sjoch ik omheech wêr´t ea myn widze stie
Bekrûpt my no in goed gefoel
It libben is koart en hat ien doel
De leafde sa as dy foar ús bestie.

- - - -
Winter yn Fryslân

De noardewyn hellet oan, de loft dy tekent skerp
Swier en fol fan grauwe snie, boppe lân en hege terp

It lege lân as tee sa brún, koarstich fan de froarst
Hikkepeal mei wite pet, poeiermolke foar de toarst

O winter yn Fryslân, tegearre fan ‘e wiis Do en ik sa fereale op it iis.
De swarte flier kreaket nei yn hiel syn jonge liif
Foar de wyn, wy stean op ‘t skerp, it fielt noch stram en stiif

Glydzjend lâns it fertoare reid
It fjoer oppookje, it liket ivichheid
De gloed nimt ta, ik bin út ‘e rie
Falle wy pardoes yn ‘e snie

 

It Leafdesliet

‚ÄčIk sjong , ik sjong in leafdesliet, in leafdesliet foar dy

in liet fol langstme en ferlet, myn hert springt op foar dy

 

En giet de sinne  ûnder, de nacht komt tichterby

dan klinkt as wie it in wûnder, it leafdesliet foar dy

 

In nije tiid brekt oan, de takomst hat in paad

lokkich hân yn hân, mei dy myn libbensmaat.